Staking leit earste dei EK silen Marit Bouwmeester plat

Marit Bouwmeester (argyffoto) © Twitter Marit Bouwmeester
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten baalt derfan dat se net yn aksje komt op de earste dei fan it Europeesk kampioenskip yn Barcelona. Troch in staking yn Kateloanië geane de wedstriden fan tiisdei, de earste dei fan it EK, net troch. Katelanen binne lilk fanwege it plysjegeweld by it ûnôfhinklikheidsreferindum fan ôfrûne snein. Bouwmeester fynt dat sport en polityk skieden bliuwe moatte.