Lytse húskes oplossing foar de Fryske Waadeilannen

03 okt 2017 - 12:42

Tiny Houses, fan dy lytse húskes fan sa'n tritich kante meter. Dy soene samar ris de oplossing wêze kinne foar it tekoart oan wenromte op de eilannen. Op It Amelân wolle se ûndersykje oft sokke lytse húskes bygelyks geskikt binne om yn it heechseizoen hoarekapersoneel yn ûnder te bringen. Want it probleem mei te min wenromte is sa grut, dat hoarekabedriuwen net genôch minsken oanlûke kinne en dat somtiden guon bedriuwen foar in part ticht moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)