Ynze de Boer nimt ôfskied fan de Steaten

© omropfryslân, Joris Kalma
Ynze de Boer út Balk fan de ChristenUnie nimt yn desimber ôfskied as lid fan Provinsjale Steaten. Reitze Bouma út Drachten folget him op. De Boer begûn yn 1998 as riedslid yn de gemeente Gaasterlân-Sleat en wie dêr fiif jier wethâlder. Yn 2007 waard De Boer steatelid. Hy sette him ûnder oare yn foar de oerdracht fan de jeugdsoarch nei gemeenten en kaam yn aksje foar de posysje fan flechtlingen en needopfang. De Balkster wie fan 2011 oant 2015 vice-foarsitter fan de Steaten en is lid fan de steatekommisje Frysk, dy't him ynset foar de posysje fan it Frysk yn Den Haag.