Plan fan oanpak om krapte oan húsdokters tsjin te gean

03 okt 2017 - 11:58
Húsdokter - Foto: ANP XTRA

In taakgroep fan húsdokters en soarchfersekerder De Friesland sil oan de slach om wat te dwaan oan it driigjende tekoart oan húsdokters. Dat is de útkomst fan in oerlis moandeitejûn yn Ljouwert tusken húsdokters, soarchferlieners en de soarchfersekerder. De taakgroep sammelet alle opsjes om wat oan it tekoart te dwaan en presintearret oan de ein fan dit jier in plan fan oanpak.

Der wurdt tocht om húsdokters út de Rânestêd hjir hinne te heljen. Probleem is dat nije húsdokters faaks yn dieltiid wurkje wolle en net in folsleine praktyk oernimme wolle. Neffens foarsitter Meindert Dijkstra fan de Feriening fan Fryske Húsdokters soe it mooglik wurde moatte dat twa húsdokters in praktyk oernimme kinne. Sa moat Fryslân oantrekliker wurde foar jonge húsdokters.

Trefwurden: 
húsdokter tekoart
(Advertinsje)
(Advertinsje)