Hierderskonflikt appartemintekompleks The Block liket oer

03 okt 2017 - 11:46

Der liket in ein te kommen oan it skeel tusken de hierders yn appartemintekompleks The Block en ferhierder Bakkers-Hommen Waerdevast út Eindhoven. De beide partijen hawwe in skikking troffen. Yn totaal giet it om in bedrach fan 160.000 euro dat de ferhierder útkeare moat oan de hierders, sa lit in wurdfierder witte. It komt del op in bedrach fan sa'n 2000 euro de man. Dêrmei ferfalle alle juridyske oanklachten. Undúdlik is oft de lanlike hierkommisje dan noch wol in útspraak dwaan sil.

De problemen by de apparteminten fan The Block oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert komme troch in ferkearde planning sa sei de ferhierder fan it gebou earder. Bakkers-Hommen Waerdevast hat in konflikt mei de goed santich hierders yn it gebou om't der in soad dingen mis wêze soene. Sa soene de liften it net dwaan, is de ôfwurking net goed en binne tal fan saken net oplevere dy't wol ôfpraat binne.

In ûnôfhinklike kontroleur hat it gebou besjoen en kaam ta de konklúzje dat de hierders folle minder hier betelje moatte soene troch dy gebrekken. Begjin septimber waard deroer praten troch de lanlike hierderskommisje op in spesjale sitting yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)