Spesjaal resjerzjeteam docht ûndersyk nei sjitpartij Dronryp

© Kappers Media
De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei de sjitpartij fan moandei yn Dronryp. Der is in Team Grootschalige Opsporing op de saak set. Dit binne spesjale resjerzjeteams dy't ynset wurde by swiere ynsidinten.
De 45-jierrige bewenner fan de Dotinga Tún waard foar syn hûs troch ûnbekenden besketten. It slachtoffer leit noch hieltyd slim ferwûne yn it sikehûs. De twa fertochten, dy't in bivakmûtse op hiene, naaiden mei in stellen auto út. Dy waard letter útbrând werom fûn yn Deinum. Alles wiist der op dat it om in ôfrekkening yn it kriminele miljeu giet.