Jonge Ljouwerter mei fleismes oppakt

03 okt 2017 - 10:02
(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân

In 17-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn oanholden foar ferbean wapenbesit en mooglik in wapene oerfal. De jonge hie in grut fleismes by him. In plysje yn syn frije tiid seach de jonge mei it mes troch it sintrum rinnen en warskôge syn kollega's. Dy koene de jonge gau oanhâlde, hy hie it mes noch by him. Om't krekt derfoar in strjitrôf dien wie, wêrby't in grut fleismes brûkt waard, wurdt ûndersocht oft de 17-jierrige derfoar ferantwurdlik is. By dy oerfal moast it slachtoffer ûnder bedriging fan it mes jild ôfstean.

Trefwurden: 
mes Ljouwert bedriging
(Advertinsje)
(Advertinsje)