Kollum: "Slachtoffers fan de skiednis"

"Yn 1977 wurke ik yn Ljouwert by in net neier te neamen saak. Fan moarns betiid oant jûns let stie dêr de radio oan. Muzyk fulde ús dagen en holp ús troch de tiid. Dat feroare mei’t de treinkaping yn De Punt yn Drinte út ein sette. De ympekt dêrfan wie sa grut dat de programmearring op de radio oanpast waard. Gjin uptempo en fleurige nûmers mear, mar ballads en soft-rock. De dagen waarden dêr in kear sa lang fan en de kaping like sûnder ein.
Dy begûn oars op 23 maaie en duorre oant en mei 11 juny. Doe bestoarmen militêren de trein. By dy aksje rekken seis kapers dea en twa minsken dy’t gizele waarden. Op dit stuit kleie neibesteanden fan guon kapers de Nederlânske Steat oan. Sy tinke bewiis te hawwen dat by dy befrijïngsaksje de kapers mei opsetsin deade wurden binne. Eksekutearre, mei oare wurden. Dat is in swiere beskuldiging, en tagelyk ien mei in bittere ûndertoan.
Om dat te ferklearjen jou ik jim it folgjende rychje. Yn 1966 waard troch radikale Molukse jongeren besocht brân te stichtsjen yn de Yndonesyske ambassade yn de Haach. Fjouwer jier letter folge in besetting fan de amtswenning fan de Yndonezyske ambassadeur yn Wassenaar. Dêr rekke ien plysjeman by dea. Yn 1975 folge in treinkaping by it Drintske Wijster. De masinist waard op slach deasketten, letter waarden noch twa passazjiers eksekutearre. Parallel oan dy aksje besette in groep Molukse jongeren it Yndonezyske konsulaat yn Amsterdam, dêr’t úteinlik ien meiwurker by dea rekke. Yn 1977 folget de treinkaping by De Punt, mar wurdt tagelyk in basisskoalle yn Bovensmilde beset. Dêr giet it om 105 bern en fiif learkrêften. Lang om let wurde de bern frij litten en falle dêr gjin deaden, yn tsjinstelling ta by de treinkaping. Yn 1978, doe’t de radioprogrammearring al lang wer gewoan wie, besette in Moluks selsmoard-kommando it provinsjehûs yn Assen. By it begjin dêrfan waard direkt in amtner eksekutearre, letter rekke ek noch deputearre Trip dea troch in skot yn it liif.
In lange, swarte list fol ûnskuldige deaden. Mar ek de bern fan Bovensmilde binne foar it libben skeind. Dat blykt út in dokumintêre fan Coen Verbraak mei de titel: ‘Wij willen leven!’ Dêryn leit de klam benammen op de trauma’s fan de slachtoffers. Ien fan harren, Roelof Snippe, fertelt hoe’t dy dagen syn hiele libben op ’e kop set ha. Hoe’t se op kommando fan de Molukse oerfallers ‘Van Agt, wij willen leven!’ roppe moasten. In famke út dyselde klas fertelt dat se tritich jier lang gjin nacht trochsliepe kinnen hat. It haad fan de skoalle, dy’t begryp hie foar de motiven fan de oerfallers, is oant op de dei fan hjoed poer dat se dêr bern foar brûkt ha en dy foar de rest fan harren libben slim skeind.
Dat ja, it oankleien fan de Steat hat in bittere ûndertoan. Want hoe sit it mei al dy famyljes, waans libbens ferneatige wurden binne op it momint dat harren leafsten troch de Molukse aksjes fermoarde waarden? Is it net sa dat wy úteinlik allegear slachtoffers fan de skiednis binne?"