Epke Zonderland hat grutte konkurrint minder oan 'e rekstôk

Epke Zonderland oan de rekstôk (argyffoto) © ANP
Turner Epke Zonderland fan It Hearrenfean hat op it wrâldkampioenskip turnjen yn Montreal in konkurrint minder. De Japanske titelferdigener Kohei Uchimura rekke blessearre by de kwalifikaasjes. Hy joech op mei in blessuere oan it ankel foar't hy begûn oan it ûnderdiel rekstôk. Twa jier lyn wûn Uchimura op dit ûnderdiel noch goud op it WK en yn 2012 en 2016 waard hy Olympysk kampioen op de mearkamp.
Ek de Sinees Zhang Chenglong, de wrâldkampioen fan 2010, de Kubaan Manrique Larduet, tredde op it WK fan Glasgow, en de Dútser Andreas Bretschneider hellen de finale oan de rekstôk net.
Epke Zonderland moat him tiisdei op de neimiddei (Nederlânske tiid) noch pleatse foar de finale fan syn tastellen: brêge en rekstôk.