Bus fol jonge leden minderheden docht Ljouwert oan

03 okt 2017 - 09:00

In bus fol jongerein út ferskate Europeeske lytsetaalgebieten komt tiisdeitemoarn oan yn Ljouwert. De jongeren reizgje hiel Europa troch yn dy bus om oandacht te freegjen foar minsken dy't in minderheidstaal prate. En foar it boargerinisjatyf Minority Safepack, dat omtinken freget foar de beskerming fan minsken dy't in taalminderheid prate.

Friezen

Ek Fryske jongerein is by dizze bustoer belutsen. It FYK (jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt) organisearret tiisdei allegearre aktiviteiten yn Ljouwert. Sa komme de gasten yn kontakt mei Ljouwerters by in stedskuier, sil der om 13.30 oere aksjefierd wurde foar it Minority Safepack, is yn Tresoar in 'meet-and-greet' mei de ynternasjonale dielnimmers en wurdt der jûns iten en dêrnei buorrele. Ek sille sy in besite bringe oan de programmabekendmakking fan LF2018.

Reis

De bustoer is op 30 septimber úteinset yn Berlyn en hat al ferskate regio's besocht, lykas bygelyks de Noardfriezen yn Dútslân. Op woansdei rydt de bus mei alle dielnimmers nei de folgjende regio dêr't in taalminderheid praat wurdt: België. Fan dêr reizget de bus nei ûnder oare Straatsburg, Switserlân, Italië, Tsjechië en úteinlik komt de groep op 8 oktober wer oan yn Berlyn, it einpunt. De groep jongerein hopet yn de tuskentiid safolle mooglik oare jongerein berikt te hawwen.

Trefwurden: 
FYK taalminderheden Europa
(Advertinsje)
(Advertinsje)