Plomfeebedriuw Drachtsterkompenije hat wer hoop

02 okt 2017 - 22:06

It is noch net wis, mar plomfeehâlders Anna Bron en har man Jan Willem van Koot fan Drachtsterkompenije hawwe hoop dat se it oprêde sille. Harren bedriuw mei goed 30.000 hinnen waard yn july stillein fanwege besmetting mei it bloedlúsbestridingsmiddel fipronil. Sûnt dy tiid moatte se de aaien weismite en hawwe se gjin ynkommen mear. No giet it stadichoan de goede kant wer op. Begjin novimber hoopje se wer skjinne aaien leverje te kinnen.

De ôfrûne moannen hawwe de hinnen op dieet west en binne de loadsen skjinmakke om derfoar te soargjen dat de fipronil ferdwynt. Dizze wike krije de hinnen foar it earst wer spesjaal moal, it saneamde lismoal. Dat betsjut dat se stadichoan wer oan de lêch reitsje. Fanwege ûnderfinings op oare buorkerijen ferwachtet Bron dat se de earste wiken de aaien noch weismite moatte, omdat it fipronilgehalte dan noch te heech wêze sil. Begjin novimber hopet se dan wer skjinne aaien te hawwen dy't geskikt binne foar de ferkeap. Yn dat gefal ferwachtet se dat it bedriuw it oprêdt. De kommende wiken sille dat útwize moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)