"Fryslân moat mear foech krije, mar gjin selsstannichheid"

02 okt 2017 - 21:14

Fryslân moat mear foech krije, bygelyks op it mêd fan romtlike oardering en duorsumens. Dat seit VVD-deputearre Klaas Kielstra yn it programma It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje. Ferline wike kaam kommissaris Arno Brok mei itselde pleit. De situaasje yn Kataloanië spilet yn it stribjen nei mear sizzenskip net sa bot mei, seit Kielstra. In ûnôfhinkelik Fryslân hoecht om him net. It giet him der mear om dat de provinsje Fryslân himsels as in 'selsbewuste bestjoerslaach' sjen lit.

Yntusken soarget it delsetten fan wynmûnen noch hieltyd foar maatskiplike ûnrêst. Sa is der bygelyks in protte ferset tsjin de njoggen grutte turbines dy't by de Ofslútdyk komme moatte. Kielstra jout ta dat it in toer is om elkenien mei te krijen yn de wynmûneplannen. Uteinlik sil de provinsje him hâlde moatte oan de ôfspraken dy't makke binne mei it ryk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)