Snitser bedriuw leit bysûndere tún oan yn Amsterdam

02 okt 2017 - 20:46

Tún- en lânskipsarsjitektbedriuw Donkergroen yn Snits hat yn Amsterdam in bysûndere tún oanlein. De tún by it haadkantoar fan de ABN/AMRO-bank oan de Súdas is folslein makke neffens in sirkulêr konsept. Der besjut duorsem en sûnder ôffal. Der mei neat ferlern gean en alles wurdt op 'e nij brûkt. De tún past by it gebou fan ABN/AMRO dat ek duorsum fan opset is.


Yn de tún stean banken fan ikehout út Nederlân op in ûnderstel fan âlde fytsen dy't út in fytsopslach yn Amsterdam komme. De stiennen paden yn de tún bestean út kasseien út België dy't dêr ôftanke binne. Se binne fergelykber mei de stiennen op de hurdfytsrûte Parijs-Roubaix. De blommen en planten binne sa byinoar socht dat se hast it hiele jier bloeie. Dat is ek goed foar de bijen dy't dêr harren thús fine. It reinwetter wurdt opfongen en brûkt foar de wc's yn it gebou. Alle muorren binne mei planten beklaaid foar de ôffang fan CO2 en isolaasje en kuolling. En sa binne der folle mear saken. Hast oer alles is neitocht om derfoar te soargjen dat neat ferlern giet en der gjin miljeufersmoarging is
Direkteur Anja Kanters fan Donkergroen is derfan oertsjûge dat dizze wize fan wurkjen de takomst hat en ek rendabel is. It bedriuw set sûnt 2015 hieltyd mear yn op in sirkulêre oanpak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)