"Foarljochting fleanrûtes oer Fryslân hinne moat better"

02 okt 2017 - 20:06
It fleanfjild by Lelystêd. - Foto: ANP

De foarljochting oer de fleanrûtes dy't yn de takomst oer Fryslân hinne komme te lizzen, moat better. Dat fine ferskate leden fan GrienLinks yn Fryslân. Woansdei is yn Balk in ynformaasjejûn oer de 'leechfleanrûtes' boppe Fryslân, fan en nei fleanfjild Lelystêd. Neffens GrienLinks is dy jûn al fol boekt en wurdt op de webside net fermeld dat minsken harren oanmelde kinne foar in wachtlist. De partij wol hoe dan ek dat der mear foarljochtingsjûnen komme, sadat elk dy't dat wol, derby wêze kin.

Rriedslid Marlene Postma yn de gemeente Weststellingwerf, har kollega's Sipke van Belle yn Eaststellingwerf, Matthijs Sikkes yn de gemeente De Fryske Marren, en Angeline Kerver yn Súdwest-Fryslân skriuwe yn in mienskiplike ferklearring: "Eerst wordt Friesland niet betrokken bij de voorbereidingen voor dit vliegveld en vervolgens kunnen de mensen hun zegje niet doen op zo'n informatieavond. Wij maken ons er sterk voor dat burgers op een goede manier worden geïnformeerd. Dat ze alle vragen die ze willen stellen, ook kunnen stellen".

(advertinsje)
(advertinsje)