Oanriding op De Jouwer, slachtoffer sit beknipe

02 okt 2017 - 19:50
Helpferlieners op it plak fan it ûngelok - Foto: BTBfotografie

De brânwacht moast moandei yn aksje komme by in ûngelok op De Jouwer. Twa auto's wiene op de Sewei opinoar botst. Ien persoan rekke dêrby beknipe yn de auto. It slachtoffer is troch de brânwacht út de auto helle. Dêrfoar moast in autodoar loshelle wurde. In twadde slachtoffer is troch ambulânsepersoniel behannele. De strjitte hat in skoftke ôfsletten west foar alle ferkear.

Trefwurden: 
auto-ûngelok De Jouwer
(advertinsje)
(advertinsje)