Skiedend skûtsjeskipper Douwe Visser: "Gjinien is ûnmisber"

Douwe Visser hâldt nei tritich jier as skipper fan de Sneker Pan mei in gerêst hert op. Dat seit er yn it programma Weistra op Wei op Omrop Fryslân Radio. Soan Jappie nimt it roer fan syn heit oer, sa waard snein bekend makke."Gjinien is ûnmisber. Ik haw dingen goed dien en dingen fout. Sa sil dat mei Jappie ek gean. Foar my is it no tiid om op te hâlden. No kinne myn frou Hetty en ik noch oare dingen dwaan. Der is ek noch in libben neist it skûtsjesilen. Dêr wolle wy romte foar yn de holle", seit heit Visser.
Jappie sjocht dernei út. "Fansels is it ek hiel spannend. Us heit hat in soad berikt." Douwe Visser waard njoggen kear kampioen. "Mar ik begjin mei in skjinne laai. In frisse start. En ik hoopje dat oaren der ek sa nei sjogge." De bemanning wie earst ferrast, mar kin goed mei de kar libje. "Dy wolle der ek wat fan meitsje mei my. Garânsje is der nea, mar ik sil myn bêst der foar dwaan", seit Jappie.
Douwe sit takom simmer net op it skip. Hy sil al taskôger wêze. "Wy wolle it fansels al hiel graach sjen. Mar fierders sil ik Jappie net foar de fuotten rinne. Hy hat talint en goede wil genôch."