Grinslanner sûnder rydbewiis op de rin foar de plysje

02 okt 2017 - 17:25
De Skoustrjitte yn Ljouiwert - Foto: Google Streetview

De plysje yn Ljouwert hat moandeitemiddei in 38-jierrige Grinslanner op 'e bon slingere. De fertochte ried yn 'e auto hurd troch de Schouwstrjitte. Doe't de plysje besocht him oan te hâlden, rûn er hurd fuort. Nei in koarte achterfolging koe de Ginslanner oanhâlden wurde. It die bliken dat er gjin jildich rydbewiis hie.

Trefwurden: 
achterfolging
(advertinsje)
(advertinsje)