CNV praat mei taksysjauffeurs oer cao-konflikt

02 okt 2017 - 17:10
Taksy - Foto: Omrop Fryslân

Fakbûn CNV praat woansdei yn Drachten mei de eigen leden oer it cao-konflikt yn de taksywrâld. Taksysjauffeurs wolle in leansferheging hawwe. Neffens it fakbûn wolle wurkjouwers dêr net oan. Al oardel jier wurdt praat oer in nije cao. Taksysjauffeurs binne der de lêste jierren hast net yn lean op foarút gien.

Op de gearkomste fan woansdei prate CNV-leden oer mooglike aksjes. Njonken Drachten hâldt fakbûn CNV ek op oare plakken sokke gearkomsten.

Trefwurden: 
taksy CNV CAO
(advertinsje)
(advertinsje)