Scooterrider ferwûne by oanriding yn Drachten

02 okt 2017 - 17:00
Scooterûngelok yn Drachten - Foto: De Vries Media

In 17-jierrige scooterrider is moandeitemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Eendenkroos yn Drachten. It slachtoffer kaam yn botsing mei in auto. Foar it ûngelok binne meardere ambulânses en in traumahelikopter oproppen, wêrmei't it slachtoffer nei it sikehûs flein is. In byrider op de scooter is licht ferwûne rekke. Fierders is ek noch ûndúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)