Jong Cambuur wint fan Jong Feyenoord

© SC Cambuur
De beloften fan Jong Cambuur ha moandeitemiddei wûn fan de leeftiidsgenoaten fan Jong Feyenoord. Yn it eigen Cambuurstadion waard it 2-0 foar de Ljouwerters mei tank oan doelpunten fan Jordy van Deelen en Rutger Etten.
SC Cambuur krige yn de earste helte in protte kânsen en der waard ek skoard, mar dat doelpunt waard ôfkard fanwegen bûtenspul. Yn de twadde helte kaam de thúsploech wol op it skoareboerd. Jordy van Deelen skoarde yn de 71ste minút nei in prima oanfal troch it sintrum. Inkelde minuten letter krige Cambuur in strafskop takend, dy't troch Rutger Etten ynsketten waard: 2-0.