Poiesz en Streekboer helpe boer fan skansearre pompoenen ôf

Supermerkketen Poiesz en webwinkel De Streekboer helpe in boer út Onstwedde fan syn pompoenen ôf. De pompoenen binne troch ien hagelbui skansearre rekke, mar se binne noch goed te iten. Mar de Grinslanner boer kin se net mear kwyt. Om foar te kommen dat er de 125.000 pompoenen mei pukkels ferneatigje moat, biede Poiesz en De Streekboer se no foar ien euro oan.
Se binne fia de webside fan De Streekboer en de Poiesz te reservearjen. Op sneon wurde se fan it lân helle. Bedriuwen en organisaasjes kinne ek grutte partijen bestelle.