Alden ien dei foar de klasse yn stee fan ûnderwizers

02 okt 2017 - 16:24
Foto: Omrop Fryslân

Op kristlike basisskoalle de Kinderkoepel yn Ljouwert stean no freed heiten en memmen foar de klasse. De masters en juffen hiene tongersdei einst in stúdzjedei. Mar dy giet net troch, omdat it basisûnderwiis yn it hiele lân dan yn staking is. Ynset fan de staking is mear lean en in legere wurkdruk. De âlden fan de Kinderkoepel stean achter de ûnderwiisstaking. Se wolle de juffen en masters op freed de gelegenheid jaan dochs in part fan harren stúdzje te folgjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)