FIDEO: Noed oer geweld yn Kataloanië

02 okt 2017 - 17:30

Hurd plysjeoptreden yn stimburo's. Katalanen dy't troch de strjitten drave mei stimbussen yn de hân. It gie der hurd oan ta Kataloanië. De ynwenners koene snein stimme oer de fraach oft de Spaanske dielsteat ûnôfhinklik wurde moat fan Spanje. Sjoernalist Sybrand Grasdijk, fan 'e Harkema, is der by en makke bylden.

Yn de studio prate Hindrik ten Hoeve, FNP'er en Earste Keamerlid foar de Onafhankelijke Senaatsfractie en Onno Falkena, ferslachjouwer by Omrop Fryslân en ekspert op it mêd fan minderheidstalen deroer. "Dat in Westeuropeeske steat sa optreedt tsjin syn eigen boargers, je wurde der beroerd fan. En dan seit it regear ek noch dat se demokrasy ferdigenje" seit Ten Hoeve. Katalanen ha in eigen taal en dat is in oerienkomst mei de Friezen, mar soks sjogge de beide mannen net yn Fryslân. "Yn Den Haag binne se net bang foar in Fryske ôfskieding en we krije ek gjin tûzenen minsken de strjitte op foar ûnôfhinklikheid. Wol is der ferlet fan mear autonomy op it mêd fan taal en ûnderwiis." "Dialooch is nedich," seit Onno Falkena, "mar mei safolle geweld is dat fier fuort."

(advertinsje)
(advertinsje)