Fikse selstraffen foar minskehannel en ferkrêfting

02 okt 2017 - 16:07
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De rjochter hat twa manlju út Ljouwert en Burgum flkse finzenisstraffen oplein fanwege minskehannel en ferkrêfting. De man út Ljouwert hat njoggen jier sel krige, omdat er jierrenlang syn slachtoffers eksploitearre hat. Se makken lange wurkwiken en moasten it jild dat se fertsjinnen, oan him ôfdrage. Mei de man út Burgum hat de Ljouwerter boppedat meardere kearen in frou ferkrêfte en mishannele. De Burgumer hat dêr trije jier sel foar krigen.

Beide manlju moatte harren slachtoffers boppedat in skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
minskehannel rjochtsaak
(Advertinsje)
(Advertinsje)