Undersyk yn hûs Ljouwert yn ferbân mei sjitterij Dronryp

02 okt 2017 - 15:24

De plysje docht op it stuit yn Ljouwert ûndersyk yn in hûs oan de Marnixstrjitte. Dat ûndersyk hâldt ferbân mei de sjitpartij fan moandeitemoarn yn Dronryp. It gebou is fan it slachtoffer. Neffens de plysje liket it derop dat de sjitterij te krijen hat mei himphannel. De 45-jierrige man út Dronryp waard delsketten troch twa manlju. Hy rekke dêrby swier ferwûne. It liket op in ôfrekkening yn it kriminele miljeu.

De fertochten binne noch spoarleas. De plysje freget yn in filmke op Facebook minsken dy't wat sjoen hawwe of oars wat witte dat fan belang wêze kin, oft se har melde wolle. Tweintich minsken sitte op de saak en de earste tsjûgen ha har ek a meld.

"It rekket ús allegear wol"

Neffens Klaas Koopmans, foarsitter fan Doarpsbelang, slacht it nijs yn as in bom. "Soks bart yn searjes en net yn Dronryp. It docht tinken oan Penoza. Midden yn it doarp in sjitpartij op it momint dat âlden har bern nei skoalle ta bringe of nei it wurk geane. De man soe krekt de bern fuortbringe. Ik ken se as in prima gesin, spontane minsken, in goede heit en mem foar de bern. Je sjogge inkeld de bûtenkant, wat der achter de foardoart bart wist fansels net. It is in dramatyske gebeurtenis, it rekket ús allegear wol." Hy hat kontakt mei de wethâlder en ynformaasje komt op de webside fan Dronryp.

Trefwurden: 
sjitterij Dronryp
(Advertinsje)
(Advertinsje)