Figuranten fan de film Redbad: "It is in dream dy't útkomt"

"It is in jongesdream, eartiids boarten we altyd al ridderke" en "Once in a lifetime" binne in pear reaksjes fan de figuranten dy't meidogge oan de film Redbad. "Smink wie yn in kertierke klear, doe de klean oan, mei in lyts oerke wie dat ek klear. En doe begûn it wachtsjen, de rest fan de dei en mar hoopje datst oan de beurt komst. We meie meidwaan oan de battle, dat is allegear aksje, dus de muoite fan it wachtsjen wol wurdich."
Hûnderten figuranten wiene it ôfrûne wykein yn De Alde Feanen foar opnamen fan de film Redbad oer de Fryske kening. Mei elkoar dogge goed 600 figuranten en 150 hynders mei oan de film. Aktrise Nynke Heeg spilet ek mei, se moat hynsteride en mei pylk en bôge sjitte. Dêr hat se les foar hân. De miljoeneproduksje wurdt yn binnen- en bûtenlân útbrocht.