Boete foar jagers foar deasjitten einen

02 okt 2017 - 14:46
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Trije jagers út Dwingeloo ha in boete fan 250 euro ûnder betingst krigen, omdat se yn in natuergebiet fan It Fryske Gea in pear einen deasketten ha. De manlju wiene oan it jeien yn in stik grien njonken it natuergebiet. Se skeaten de einen doe't dy oer har hinne fleagen. De einen wiene net fuort dea, se foelen del yn it gebiet fan It Fryske Gea. De jagers ha se dêr it genedeskot jûn en waarden doe bekeurd.

Se fochten de boete oan, omdat se fûnen dat se it goed dien hiene: de einen út har lijen ferlosse. Mar de rjochter fûn dat se dochs oer de skreef giene binne. Hy joech har in boete ûnder betingst omdat it al even lyn is dat it spile.

Trefwurden: 
jagers it Fryske Gea einen
(Advertinsje)
(Advertinsje)