Ald-presintator Dick Passchier ferstoarn yn Kollum

© ANP
Ald-telefyzjepresintator Dick Passchier is ferstoarn yn syn wenplak Kollum. Passchier hat ek yn Ingwierrum wenne. Oarspronklik kaam er út Dordrecht. Passchier wie bekend fan de grutte live-shows dy't er fan healweis de jierren '60 ôf presintearre by de NCRV, sa as Zeskamp, Spel zonder grenzen, Tweekamp en Stedenspel. Hy makke yn 1965 syn telefyzjedebút mei it spultsjeprogramma Interland út Brussel wei. Fierder wie er bekend as panellid fan Zo Vader, Zo Zoon.
Ek fersoarge er tusken 1973 en 1980 it kommentaar op it jierlikse defilee op 30 april foar keninginne Juliana op Paleis Soestdijk en die er dat yn 1981 by de earste Keninginnedeifiering mei keninginne Beatrix en prins Claus.
De KRO-NCRV seit yn in reaksje: "Wij zijn hem dankbaar voor wat hij voor de NCRV en de Nederlandse televisie heeft betekend. Wij wensen zijn familie sterkte bij dit verlies.''
Passchier ferstoar ôfrûne freed ûnferwachts. Hy is 84 jier âld wurden. Syn útfeart hat moandei plakfûn yn besletten rûnte.