"Oranjekoeke bakke yn in oere kin net"

De bakkers fan Heel Holland Bakt hienen it der sneintejûn mar dreech mei: oranjekoeke. Se bakten der letterlik neat fan en fûnen de namme ek mar betiizjend fanwege it rôze fondant. Se fregen har ôf oft dat miskien Frysk wie...
Is it no wier sa dreech om dizze Fryske lekkernij te meitsjen? Bakker Marten Boonstra út Akkrum makket de lekkerste oranjekoeke fan Fryslân. Syn koeke is sêft, hat in maklike ôfbyt en is fijn fan smaak. "Op himsels is it meitsjen fan in oranjekoeke net dreech, mar om dat yn in oere te dwaan kin gewoan net. Dat is fierstente krap. Belangryk is dat er goed gear is fansels. We wurkje mei kâld daai, dat rôlet makliker. Dat meitsje we de iene dei en de oare dei meitsje we de boaiem. Dat de bakkers op telefyzje slachrjemme op in waarm produkt spuitsje moatte, kin net. Elk wit dan dat de slachrjemme der ôfrint." En dat is ek krekt wat der barde by de bakkers fan Heel Holland Bakt.