Rjochter wiist mem Marianne Vaatstra heal miljoen euro ta

02 okt 2017 - 13:01

Maaike Terpstra, de mem fan de fermoarde Marianne Vaatstra, krijt fan de rjochter in heal miljoen euro tawiisd. De rjochtbank yn Haarlem hat bepaald dat publisist Wim Dankbaar har dat jild betelje moat, stiet yn it AD. Neffens Maaike Terpstra makket Dankbaar har emosjoneel kapot troch hieltyd kontakt mei har te sykjen en har te belûken yn syn ûndersyk nei in ûndersteld komplot oer de moard op har dochter. Dankbaar moat no betelje om't er him net oan ôfspraken fan in eardere útspraak hâldt.  

Publisist Wim Dankbaar giet gewoan troch mei syn striid om de wierheid oer de moard op Marianne Vaatstra. Dat hat er sein nei't de rjochter bepaald hat dat er Marianne har mem in heal miljoen euro betelje moat. Dy straf hat er krigen omdat er him net hâldt oan eardere fonnissen fan de rjochtbank, dat er Marianne har mem mei rêst litte moat. Hy belûkt har hieltyd wer by syn krewearjen om te bewizen dat net Jasper S. mar in oarenien Marianne fermoarde hat. En dat wurdt nei dizze útspraak ek net oars, ferwachtet advokaat Yehudi Moskowitz fan Maaike Terpstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)