Snits krijt 500 muzikanten yn de stêd op 'Dweildag'

02 okt 2017 - 12:41

Snits krijt sneon 7 oktober mear as 500 muzikanten op besite foar de sechsde edysje fan de 'Sneeker Dweildag'. Sa'n 30 dweilkapellen stride om de heechste eare en flinke jildprizen. Der binne twa klassen, de Leutklasse en de wedstriidklasse. Op seis plakken spylje kapellen yn de binnenstêd.

De dweilkapellen komme út it hiele lân en se begjinne de dei mienskiplik mei de Triomfmars, de bekende melody dy't de Blauhúster Dakkapel jierren spile. By de priisútrikking om 17.00 oere wurdt de dei ek wer mei in stik muzyk mei elkoar ôfsluten.

Trefwurden: 
Snits dweilorkest
(Advertinsje)
(Advertinsje)