5 tips: wat kinne bern tongersdei dwaan

04 okt 2017 - 09:11

Learkrêften fan Fryske basisskoallen stake tongersdei. Se fine ûnder oare dat der temin leararen binne en dat de wurkdruk te heech is. Se wolle dat it nije regear dêrom 900 miljoen euro foar salaris en 500 miljoen foar it ferminderjen fan wurkdruk frijmakket.

Dit betsjut dat alle bern op in basisskoalle in frije dei ha. Mar wat kinne se dan allegearre dwaan tongersdei? Hjir is in oersjoch fan aktiviteiten.

1. Boartersparadys

Kinst bûten boartsje, mar as it no de hiele dei reint, kinst dy ek binnen fermeitsje. Der binne in protte boartersparadizen yn Fryslân, sa as Sanjesfertier yn De Westereen en Speelbos op De Jouwer. Dan binne der ek noch twa dy't goed ynspile hawwe op de frije dei. Monkey Town yn Wolvegea is spesjaal ekstra iepen en Duinen Zathe yn Appelskea hat koarting foar bern.

2. Gean nei de bosk

Wennest do tichtby in bosk of binnen dyn âlden ek frij tongersdei? Sykje dan foaral it bosk op. De hjerstkleuren en fallende blêden soargje fansels foar in soad fertier. Kinst dy der yn ferstopje, kinst der mei goaie en kinst se sammele yn in boek. Dêrneist kinst fansels yn beammen klimme of gewoan in eintsje rinne.

3. FIFA 18 kapot spylje

It wie grut nijs foarige wike, de nije FIFA is út. It spultsje hat al genôch relaasjes kapot makke, minsken wekker hâlden en foar likens soarge. Dochs bliuwt it in machtich spultsje, wat no sels profesjoneel spile wurdt. Asto de hiele dei FIFA 18 spilest, dan hast in machtich moaie tiid, mar wurkest ek noch oan dyn karriêre! Easkje de telefyzje op, soarge foar genôch iten en drinken en kom net fan dyn plak ôf, dan bist oan de ein fan de dei de online Ronaldo.

4. Netflixen

Wolst binnen sitte, mar hat dyn broerke of suske de telefyzje al yn gebrûk om FIFA te spyljen? Dan kinst op dyn laptop, tablet of telefoan gewoan in Netflix-maraton hâlden! Kinst der foar kieze om ien searje te sjen, mar kinst ek gewoan besykje om alles te sjen wat der op Netflix is. Dat silsto net yn ien dei kinne, safolle stiet derop. It is dus goed nijs foar dy, dat de learkrêften miskien wol faker stake as der nei tongersdei noch neat feroare is.

In pear tips op Netflix

Star Wars. Hast alle films út in hielal, fier, fierwei stean op de streamingsite. Kinst dy tariede op it achtste diel dat yn desimber yn de bios te sjen is. Kinst allinnich diel sân 'The Force Awakens' net sjen, mar nei de sân oare films dysto wol sjen kinst, hast miskien ek wol genôch telefyzje sjoen.

SpongeBob. De SpongeBob film stjit op Netflix, ja echt wier! Moatst dy ôffreegje werom datsto dizze kaskreaker noch net sjoen hast.

Marvel. Netflix hat in protte Marvel films en searjes online stean. Kinst der foar kieze om in maraton te dwaan. Thor, Daredevil, The Hulk, The Defenders, kinsto dy noch net? Dan wurdt it tiid dat dat feroaret.

5. Bûten boartsje

Tinkst do dat in karriêre as echte fuotballer noch mooglik is, of spilest gewoan graach mei dyn freonen? Gjin dan nei bûten! Neffens Piet wurdt it tongersdei fyftjin graden mei in bytsje rein. Minsken bin net fan sûker, dus genietsje fan de dei en fan de sinne, foardat dy wer foar fjouwer moannen fuort is.

Fansels kinst mear dingen dwaan, wat foaral wichtich is, is datsto in moaie dei hast. Of dat dan binnen is of bûten, meitsje der it bêste fan, wist net wannear't de folgjende ekstra frije dei is.

Trefwurden: 
staking basisûnderwiis bern
(Advertinsje)
(Advertinsje)