Kleanbank Burgum ferhuze nei drûch en waarm gebou

De klean- en boartersguodbank yn Burgum is ferhuze nei in nij ûnderkommen oan de Oppedijk van Veenwei. De offisjele iepening fan de nije lokaasje waard moandeitemoarn útfierd troch wethâlder Ellen Bruins Slot fan de gemeente Tytsjerksteradiel. De meiwurkers fan de kleanbank bin bliid mei it nije plak. Se sieten earst yn in fochtige loads, mar binne no "moai drûch en waarm" ûnder dak. Neffens foarsitter Bianca Boonstra fan de kleanbank wie de ferhuzing heechnedich. "We ferlernen ús frijwilligers, omdat it sa kâld wie en it wetter altyd op de flier stie."
It inisjatyf yn Burgum is ôfhinklik fan sponsors en donaasjes en omdat de hier fan it nije gebou heger is, wurdt der no ek jild frege. "Minsken dy't by ús ynskreaun stean, krije fiif stiks klean en boartersguod yn 'e moanne fergees. Oare minsken moatte betelje." De klean- en boartersguodbank is iepene op tongersdeis en freeds.