FIDEO:Jan Arendz en Marijke Geertsma bringe stik oer Bokwert

02 okt 2017 - 11:58

Jan Arendz en Marijke Geertsma komme mei it toanielstik 'Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018', dat dizze wike yn premjêre giet. It stik giet deroer dat Ljouwert in soadsje fan kulturele haadstêd makke hat en dêrom moat Bokwert it fan de 'Hoofdplaats' oernimme om it wól ta in sukses te meitsjen.

Arendz en Geertsma spylje beide ferskate rollen dy't it bestjoer fan Pleatslik Belang fan Bokwert foarmje. Yn de Frysktalige foarstelling prate se ek in soad 'Bokwerters', in bryk soarte fan nei it Nederlânsk oerset Frysk mei in soad frisismen, lykas 'dat kun je van denken wel hebben', 'voor meester opslaat', 'gaarzit' en 'er is geld bij de ruis'.

It stik is basearre op de stikjes fan skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde oer it optochte plak Bokwert dy't yn 'e Ljouwerter Krante stienen yn 'e jierren 1970 en 1980. Bonne Stienstra hat it stik skreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)