Plysje siket fertochten fan sjitpartij yn Dronryp

By in sjitynsidint by in hûs oan de Dotinga Tún yn Dronryp is moandeitemoarn in bewenner slim ferwûne rekke. De melding kaam krekt nei achten binnen by de plysje. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Neffens de plysje is nei de sjitpartij in auto mei twa fertochten mei bivakmûtsen útnaaid. Se ha meardere kearen op de man sketten. In frou en twa bern yn de wenning kamen mei de skrik frij.
Der is koart nei de sjitterij in baarnende auto oantroffen oan De Seine yn Deinum, tichtby it treinstasjon. De plysje ûndersiket oft dit mei de sjitterij te meitsjen hat en is in sykaksje begûn nei de fertochten. De plysje docht spoare- en buertûndersyk en de resjerzje is der ek.
Neffens de plysje wiist alles der op dat de útbaarnde auto yn Deinum troch de fertochten brûkt is. De auto wie stellen en de kentekenplaten fuorthelle. De plysje ûndersiket oft de fertochten mei in oare auto fierder riden binne of dat se de trein pakt ha.
De plysje hat yn jannewaris 2016 in ynfal yn it hûs fan de sjitterij dien. De man wie in bekende fan de plysje.
In buertbewenner waard moandeitemoarn wekker fan it blaffen fan hûnen en in hoop stimmen en in ambulânse. "Ik ken hem niet echt persoonlijk, maak weleens een praatje met hem. Het is een vriendelijke man, die altijd groet. Hij bemoeit zich niet echt met de buurt." Doe't de man nei bûten gie om te sjen wat der oan de hân wie, seach er allegear plysje. "De straat was afgezet."