Kollum: "Euphoria"

02 okt 2017 - 08:30

"Ferline wike skreau ik yn myn kollum datst net nei Amsterdam hoechst foar wat ferdivedaasje yn it wykein. Dêrmei sloech ik de spiker op ‘e kop, want we begjinne hjir yn Fryslân stadichoan hieltyd mear te lykjen op ús Mokumse haadstêd. Dat blykte noch dyselde deis doe’t ik om sân oere jûns de Omrop oansette. Doe kaam it folgjende reklamespotsje foarby.

‘Nije dingen ûntdekke yn de sliepkeamer? Euphoria.frl. De leukste winkel fan Fryslân mei de bêste eroatyske produkten. Kom del yn ús leechdrompelige winkel yn It Hearrenfean. Of shop direkt online op Euphoria.frl.’

Euphoria is fansels net de earste seksshop yn Fryslân, mar ik leau wol dat dit it earste Fryske reklamespotsje is foar sa’n soart delikatessewinkel. Ik moat tajaan; de tekst is prachtich. Subtyl doch spannend. Mar dy stim… Dat is wat in miste kâns, fyn ik persoanlik. In stim foar in seksshop moat toch krekt wat - tsja hoe sil ik dit ris fatsoenlik sizze - dy moat krekt wat geiler wêze.

By dizze stim tink ik oan sa'n ANWB-frou dy't mei fan dy stevige stappers moarns betiid te kuierjen giet. Sa'n frou mei in kabeltrui yn de winter, dy't se sels breide hat. De winneres fan de Gouden Libelle Spjelde foar de moaiste brief oer har demintearjende mem.

Leaf allegearre, mar net it type datst fuortendaliks assosjearrest mei fibrators en bondaazjesets. By in stim foar in seksshop wolst krekt dat minsken tinke oan in moai mokkel achter de baly, dy’t útdaagjend in setsje hânboeien om har wiisfinger draait. Ja toch?

It bliuwt nijsgjirrich hoe’t it minsklik brein wurket. Sels in stim kin al in soad mei dy dwaan. Krijst der fuort in bepaald byld by. En somtiden kloppet dat fan gjin kanten. Dan hast in plaatsje yn dyn holle, mar blykt de stim by in hiel oar persoan te hearren. Mar it kin ek wêze dat de toan krekt net hielendal oanslút by it boadskip.

Sa ha ik in kollega-tekstskriuwer dy’t foar de provinsje filmkes ynsprekt oer de gebietsûntwikkeling yn Frjentsjerteradiel. Dat heart net sa seksy, mar bliksem. As sy fertelde oer it opheegjen fan de brêge oer de Tsjummearumer Feart of de baggerwurksumheden by Doanjum; oeh man. Pure porno. Se soe sels de AEX Index foarlêze kinne, en ik wit seker dat alle kreaze sakemanlju ien bepaald oandiel omheech gean sjogge.

Dizze kollega hie eins de Euphoria-reklamespot ynprate moatten. En ik ha noch wol mear kollega’s yn de oanbieding. Witst wa’t ek echt in seksstim hat? Kollega Lennie Bronsveld. Alle moarnen as sy op paad giet foar de moarnsbydrage bin ik der wis fan dat manlju de radio krekt wat lûder dogge as Jacob Lennie oankundiget. Wa’t no tinkt: dat falt toch wol mei? Efkes it bewiis:

Jacob: ‘Ja, wy hawwe it fan ‘e moarn wiidweidich oer it waar hân. We hawwe it oer it waar hân mei Piet Paulusma, mar ek al mei Lennie Bronsveld. Dy is op camping De Kuilart yn Koudum. Ja, dizze fakânsjewiken, se binne rûzich. Se binne wiet, we ha in pear moaie sneinen hân, mar dat wie it dan ek wol. Lennie, goeiemoarn.’

Lennie: ‘Goeiemoarn Jacob.’

Jacob: ‘Ja, wat betsjut dat no foar it oantal gasten op sa’n camping?’

No, wat sis ik? Jacob stelt noch in fraach oan de ein, mar ik wit seker dat de helte fan de harkers it antwurd net iens heart. Dy lizze yn 'katzwijm' by Lennie har stim. En it moaie fan Lennie is dat har uterlik ek nochris perfekt by har stim past. Dus mocht seksshop Euphoria ynkoarten foar har kieze, dan is ek in tv-spotsje in prima opsje. Oant dy tiid hâlde we har moai sels op de radio en soarget se moarns foar in hichtepuntsje yn hiel wat Fryske sliepkeamers."

(Advertinsje)
(Advertinsje)