Auto bedarret op de kop yn sleat Feankleaster

01 okt 2017 - 22:22
Auto oer de kop yn sleat Feankleaster - Foto: www.devriesmedia.nl

In auto is sneintejûn lâns de Kleasterwei yn Feankleaster op de kop yn de sleat bedarre. Helptsjinsten waarden ynskeakele. Doe't dy by it plak fan it ûngefal oankamen, siet der net ien mear yn de auto.

De bestjoerder wie selsstannich út de auto klommen en waard even letter troch it ambulânsepersoniel holpen. Nei de oarsaak fan it ûngelok wurdt noch ûndersyk dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)