Winst foar UNIS Flyers tsjin Geleen

Stockfoto © Martin de Jong
De iishockeyers fan UNIS Flyers ha ek harren twadde wedstriid yn de bekerkompetysje wûn. Nei't sneon Tilburg ferslein waard, wie de regearjend lânskampioen snein mei 5-2 te sterk foar Geleen.
Nei in kertier spyljen sette Tony Demelinne de Feansters yn de útwedstriid op foarsprong: 1-0. Dat wie ek fuortendaliks de einstân fan de earste perioade. Yn de twadde perioade makke Geleen gau de lykmakker: 1-1. UNIS Flyers sette wer oan en makke even letter tankber gebrûk fan in powerplay. Mei in man mear op it iis sette Adam Bezak de ploech fan It Hearrenfean foar de twadde kear op foarsprong: 2-1.
Yn de tredde perioade wie it opnij Bezak dy't foar UNIS Flyers skoarde en opnij út in powerplay: 3-1. Dêrnei wreide de ploech fan coach Mike Nason de skoare rap út nei 5-1. De twadde dizze jûn fan Geleen wie der ien foar de statistiken, want spannend waard it dêrnei net mear: 5-2.