Jorritsma en Clevering mei Holland Acht sechsde op WK

© ANP
Aletta Jorritsma fan Tsjummearum en Ymkje Clevering fan Haulerwyk ha mei de froulju fan de Holland Acht op it WK roeien yn de Feriene Steaten gjin medalje mei nei hûs nimme kind. De Fryske roeisters kamen mei harren seis oare teamgenoaten as sechsde en lêste oer de finish yn Sarasota. Roemenië bleau Kanada en Nij-Seelân foar en waard dêrtroch wrâldkampioen.