Fjochtsênes opnaam yn Earnewâld foar film Redbad

01 okt 2017 - 20:15

Goed 600 figuranten en 150 hynders giene dit wykein werom yn de tiid yn natuergebiet De Alde Feanen by Earnewâld. Dêr waarden opnames makke foar de nije grutte film Redbad. De film giet oer it libben fan de Fryske kening Redbad en oer hoe't de Friezen kerstene waarden. It giet om in miljoeneproduksje dy't yn binnen- en bûtenlân útbrocht wurde sil. Ien fan de akteurs dy't yn de film te sjen is, is Nynke Heeg fan Tryater.

It budzjet foar de film leit om de sân miljoen euro hinne. De film moat takom jier yn premjêre gean. Dit wykein waarden yn De Alde Feanen benammen in soad fjochtsênes opnaam. It natuergebiet wie om dy reden foar in part ôfsletten.

(advertinsje)