Streppel: "Hij mocht er vandaag niet in"

01 okt 2017 - 19:28

SC Hearrenfean ferlear sneintemiddei fan Ajax. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it 4-0 foar de Amsterdammers. "Geflatteerd", fûn Hearrenfeantrainer Jurgen Streppel. De thúsklup krige benammen yn it earste bedriuw in soad kânsen, seach ek Streppel. "We hebben de mogelijkheden gehad, maar hij mocht er vandaag niet in", sa sei er yn petear mei ferslachjouwer Arjen de Boer.

It wie foar it earst dit seizoen dat Hearrenfean yn kompetysjeferbân in wedstriid ferlear. Dat hie net hoegd, fûn Hearrenfeanferdigener Kik Pierie. "Zij scoren uit het niets twee keer, terwijl wij daarvoor drie keer de paal raakten. Als die van ons erin gaan, krijg je een heel andere wedstrijd." Pierie stie tsjinoer âld-Hearrenfeanspiler Klaas-Jan Huntelaar. "Dat was heel leerzaam. Hij is natuurlijk niet zomaar een spits." Pierie wie it iens mei syn trainer en fynt "dat 4-0 onterecht is."

Huntelaar kaam op besite by syn âlde klup sels net ta skoaren, mar wie wol wichtich mei twa assists. "Natuurlijk is het leuk om zelf te scoren, maar het resultaat is het meest belangrijk." Ek gie de spits even yn op syn weromkommen: "Het was leuk om terug te zijn. Ik heb een mooie tijd gehad in Heerenveen en werd goed ontvangen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)