Follybalster Marrit Jasper gjin Europeesk kampioen

Marrit Jasper yn har Snits tiid (hjir op argyfbyld) © awfoto.nl
De Nederlânske follybalsters binne der snein net yn slagge Europeesk kampioen te wurden. Mei Marrit Jasper fan Snits meastal op de bank wie Servië yn de finale te sterk foar Nederlân: 3-1.
Yn Azerbeidjan dêr't it kampioenskip hâlden waard, ferlear Nederlân de earste twa sets. De tredde set waard wol binnenhelle (25-18), mar de fjirde en úteinlik beslissende gie ferlern (25-18), wêrnei't Jasper en har ploechgenoaten harren tefreden stelle moasten mei it sulver.