Aris ferliest ek lêste oefenwedstriid

01 okt 2017 - 17:56
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris ha sneintemiddei ek harren lêste oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen ferlern. Yn en tsjin Leiden gie de ploech fan trainer Tony van den Bosch mei hurde sifers ûnderút: 87-57.

Troch it ferlies tsjin Leiden gie ek de sânde oefenpot dy't Aris de foarbije wiken spile, ferlern. Takom wykein begjint it echte wurk foar de Ljouwerters, want dan set de basketbalkompetysje wer útein. Yn sporthal Boshoven is Weert snein de tsjinstanner.

Trefwurden: 
Aris Leiden basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)