SC Hearrenfean ferliest thús mei 4-0 fan Ajax

01 okt 2017 - 16:24

Sportklup Hearrenfean is der sneintemiddei net yn slagge om fan Ajax te winnen. De Amsterdammers wûnen yn it Abe Lenstra Stadion mei 4-0 fan Hearrenfean. It betsjutte it earste ferlies dit seizoen foar de ploech fan trainer Jurgen Streppel. Hearrenfean hie mear fertsjinne, mar keapet dêr neat foar.

Hearrenfean begûn goed oan de wedstriid. Nei in kertier spyljen krigen de Feansters de earste grutte kâns fan de wedstriid, mar spits Reza Ghoochannejhad kopte krekt njonken de goal fan keeper André Onana. In pear minuten letter ûnderskepte Martin Ødegaard in te koarte weromspylbal fan David Neres, mar de Noarske oanfaller fergeat de kâns te fersulverjen.

Nei in healoere skeat Ghoochannejhad op de peal, krekt as oanfierder Stijn Schaars even letter út in frije traap wei. Hearrenfean wie ticht by de iepeningsgoal, mar tsjin de ferhâldingen kaam Ajax op foarsprong. De Braziliaan Neres kaam allinnich op doelferdigener Martin Hansen ôf en skode de bal yn de goal: 1-0. Amper fan de skrik bekaam seach Hearrenfean dat dyselde Neres der sels 2-0 fan makke. Mei dy stân sochten beide ploegen de klaaikeamers op.

Twadde helte

Nei fiif minuten yn de twadde helte kaam Hearrenfean der goed foar wei: Donny van de Beek rekke de latte. Dêrnei gie Hearrenfean op syk nei de oanslutingstreffer. Yuki Kobayashi wie tichtby, mar Onana koe de knal fan de Japanner krekt út de goal hâlde. In kertier foar tiid wreide Ajax de skoare fierder út: âld-Hearrenfeanspiler Lasse Schöne skoarde fanút in penalty: 3-0.

Ynfaller Henk Veerman wie tsien minuten foar tiid ticht by de earetreffer, mar syn skot gie krekt foarlâns. Oan de oare kant wie it krekt letter wol wer raak. Maximilian Wöber makke út de kluts Ajax’ fjirde doelpunt fan de middei: 4-0. Troch it ferlies sakke Hearrenfean trije plakjes op de ranglist: fan plak twa nei fiif.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Ajax fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)