Gjin medaljes foar Knegt en Schulting op 1000 meter

01 okt 2017 - 16:06
Sjinkie Knegt - Foto: Martin de Jong

By de wrâldbekerwedstriden yn it Hongaarske Boedapest binne Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting der snein op de 1000 meter net yn slagge om yn de prizen te fallen. Knegt helle wol de A-finale, foar Schulting siet der net mear yn as de B-finale. Knegt like sulver te pakken, mar waard yn de finale bestraft mei in penalty wêrtroch't er nei ôfrin mei lege hannen stie.

In dei earder ferovere Knegt fan Bantegea wol in medalje, doe pakte er it brûns op de 1500 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)