Douwe Visser hâldt op as skipper fan Sneker Pan

01 okt 2017 - 15:13

Douwe Visser hâldt nei tritich jier op as skipper fan de Sneker Pan. Soan Jappie nimt it roer fan syn heit oer, sa waard snein bekendmakke.

"It hat moai west", sei Visser senior, dy't mear as fjirtich jier op it Snitser skûtsje omstapt hat. Yn syn tiid as skipper behelle er njoggen kampioenskippen. "Ik sil it skûtsjesilen misse, dêr bin ik wis fan." Soan Jappie is der grutsk op dat er syn heit opfolgje mei: "It is geweldich dat it bestjoer sa'n betrouwen yn my hat. Ik ha der in hiel soad sin oan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)