Arber Zeneli fan SC Hearrenfean brekt foet

01 okt 2017 - 11:55
Arber Zeneli - Foto: AWfoto

SC Hearrenfean kin de kommende tiid gjin berop dwaan op Arber Zeneli. De oanfaller hat syn foet brutsen. Dat barde sneon op de training. It ûngemak betsjut dat Zeneli snein net meispilet yn de topper tsjin Ajax en de kommende wiken útskeakele is.

De blessuere is in flinke domper foar Zeneli en syn klup SC Hearrenfean. De Kosovaarske Sweed wie dit seizoen yn goede foarm en makke twa doelpunten yn seis wedstriden.

Marco Rojas ferfangt Zeneli yn it duel tsjin Ajax.

(Advertinsje)
(Advertinsje)