Plysje set hûn yn by grutte fjochtpartij yn Snits

01 okt 2017 - 09:39
Plysjehûn - Foto: ANP

Yn Snits is yn de nacht fan sneon op snein in 19-jierrige jongeman út dy stêd oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan mishanneling. De plysje krige yn de nacht in melding fan in groepsfjochtpartij fan sa'n fyftjin jongeren yn de Westhemstrjitte. In plysjehûn moast ynset wurde om de groepen te skieden. In 25-jierrige Snitser woe oanjefte fan mishanneling dwaan tsjin de 19-jierrige fertochte. Doe't de plysje de fertochte oanhold, fersette er him dêrtsjin. Hy is dêrop meinaam nei in plysjeburo foar ferhear.

Trefwurden: 
plysjehûn Snits fjochtpartij
(Advertinsje)
(Advertinsje)