Rely Jorritsmapriis foar it lêst yn Littenseradiel

© Omrop Fryslân, Karen Bies
Foar de lêste kear hat boargemaster Liemburg fan de gemeente Littenseradiel sneon de Rely Jorritsmapriis útrikt. Dizze gemeente hâldt per 1 jannewaris 2018 op te bestean en giet op yn Súdwest-Fryslân, Ljouwert en de Waadhoeke. Boargemaster Johanneke Liemburg wol dat de organisaasje fan de literêre stimulearringspriis no oergiet nei de gemeente Ljouwert, omdat it bertedoarp fan Rely Jorritsma, Jellum, aanst by Ljouwert heart. Mar Ljouwert fynt it útrikken fan prizen gjin kearntaak fan in gemeentebestjoer, en dêrom sil de Rely tenei wierskynlik troch de stichting FLMD útfierd wurde.
Winners
Sneon yn Weidum krigen fiif dichters en fiif ferhaleskriuwers in Rely Jorritsmapriis. De Rely-junior gie nei twa jonge dichters en trije ferhaleskriuwers.
De bekroande fersen wiene fan Anny de Vries, Arjan Hut, André Looijenga, Edwin de Groot en Erik Betten. De bekroande ferhalen binne skreaun troch Geert Nauta, Trevor Scarse, Lida Dykstra, Geart Tigchelaar en Lomme Schokker. De Rely Juniors giene nei Line Hut, Marije Rypma, Yael Pieterseon, Idwerd de Graaf en Mike van der Veen.
Stimulearje
De Rely Jorritsmapriis bestiet sûnt 1954. Yn syn testamint bepaalde Rely Jorritsma dat der alle jierren in wedstriid foar Fryske proaza en poëzy organisearre wurde moat om it skriuwen yn it Frysk te stimulearjen. It prizejild komt út de opbringsten fan it Rely Jorritsmafûns.