VC Snits ferliest striid om supercup fan Sliedrecht Sport

De follybalfroulju fan VC Snits ha de striid om de supercup yn en tsjin Sliedrecht Sport ferlern. Yn in spannend duel waard it 3-2 (22-25, 25-21, 29-27, 16-25 en 15-11) foar de thúsploech. It wie foar it earst dat it duel om de supercup net op neutraal terrein, mar by de kampioen fan ferline jier spile waard.
Goed blok
Yn de earste set stie Snits hieltyd ien of twa puntjes foar. Foaral it blok fan de Snitser froulju makke yndruk. Sliedrecht kaam oan de ein fan de set noch wol werom, mar fierder as 22-22 liet Snits it net komme. Yn de twadde set seach it der lang nei út dat de Snitser froulju trochdrukke koene. Se hiene lang in lytse foarsprong, mar oan de ein fan de set gie it mis. Nei in foarsprong fan 20-18 makke de ploech fan trainer Petra Groenland noch mar ien punt. Sadwaande koe Sliedrecht de spanning yn de wedstriid hâlde en de 1-1 op it skoareboerd sette.
Spanning
Beide ploegen wiene dúdlik oaninoar weage. Dat hie as resultaat dat der in soad spanning yn de wedstriid kaam om't it ferskil tusken beide ploegen hiel lyts wie. Ek yn de tredde set koe gjin fan beiden it ferskil meitsje en pas op 28-27 foel de beslissing troch in prima blok fan Sliedrecht. Snits woe net fan opjaan witte en hie al fluch in gatsje te pakken yn de fjirde set. Dat koene se fêsthâlde en dus moast in fiifde set de beslissing bringe.
Beslissende fiifde set
Yn dy fiifde set wie it de thúsploech dy't as earste it inisjatyf pakte. Sliedrecht Sport pakte in pear punten foarsprong, en dat wie genôch. Sa gie de supercup nei de froulju fan de lânskampioen út Sliedrecht.